Skerp bliuwe

oktober 23, 2009 20:35

“De taal fan de hate folle sûnder skruten de wichtichste keamer fan ús rjochtssteat.” Dy sin stiet yn myn kollum dy’t op 22 septimber op www.amnesty.nl publisearre waard. De reden foar de kollum lei yn it feit dat in parlemintêre mearderheid net reagearre op it relaas fan PVV-fraksjelieder Wilders oer “kopfodden” Dus waarden útspraken as “de strjitte weromferôverje” en oer “de needsaak fan in húshimmeljen” en de “fersmoarger betellet” troch in protte partijen net tsjinsprutsen. Ik fûn dat Amnesty dêr in rôle yn nimme moast. De kollum waard ek oan 130.000 e-meelkontakten tastjoerd en hy ferskynde op Hyves en Facebook.

De respons wie grut: mar leafst 1700 reaksjes oant no ta. Dêr binne in pear krityske by; fiiftsjin minsken drigen sels mei it opsizzen fan harren lidmaatskip. Oaren seine dat wy oan beledigjende of diskriminearjende uteringen net noch mear fersprieding jaan moasten. Inkelden makken har soargen dat Amnesty hjirmei oan polityk docht. En guon wiisden derop dat wy foaral net fersomje moasten it skeinen fan de minskerjochten yn islamityske lannen oan de oarder te stellen. Dat lêste dogge wy fansels folop. Ik ferwiis nei ús jierboeken en nei it rapport ‘Challenging Repression: Human Rights Defenders in the Middle East and North Africa’ fan maart 2009. Lykwols: fierwei it grutste part fan de respondinten wie it tige mei de kollum iens. In hiele protte minsken rôp op ta fierdergeande aksje, bygelyks it massaal dragen fan holdoekjes of it fergees oanbieden dêrfan.

In protte lju binne bliid mei de dúdlike stellingname fan Amnesty. In sitaat: “Ik fiel my betrape, omdat ik de útlittingen fan Wilders ek lâns my delgliidzje lit. Je wurde wolris laks(…). Mar ik moat ek skerp bliuwe”. In greep út oare reaksjes en trefwurden: “Ik krige in gefoel fan plakferfangende skamte”; Ik meitsje my soargen oer it grutte gefaar fan útsluting fan groepen”; As je “moslims” ferfange troch “joaden” dan soe elkenien reagearje”. As lêste: in protte minsken skriuwe oer de diskriminaasje dy’t se persoanlik ûnderfine.

Yn de Nederlânske rjochtssteat hawwe minskerjochten in sintraal plak. Dy rjochten jilde foar elkenien. As in politikus, likefolle fan wat politike kleur of streaming, dêroan ôfdwaan wol en opropt ta útsluting fan in beskate groep of ta earnstige oantaasting fan minskerjochten, dan moat Amnesty fan him hearre litte. Dat kinne jo fansels ek streekrjocht dwaan, mocht dat tenei spitigernôch wer nedich wêze. Ik hoopje yn alle gefallen dat oaren dy’t yn de Twadde Keamer rjocht fan sprekken hawwe, harren swijen dan trochbrekke sille. Ek it parlemint moat skerp bliuwe !

Eduard Nazarski, direkteur Amnesty Nederland.     

oktober 23, 2009 20:35
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.