Sa fêst as de bank?

oktober 15, 2009 12:34

It nije Frysk Hânwurdboek jout as omskriuwing fan in bank: “ynstelling dêr’t men jild sparje of liene kin en dy’t ûnderskate finansjele transaksjes behertiget”. In tsjinstferlienende ynstelling dêr’t men op fertrouwe kin, mienden de measte lju. Mar de tiid dat men rêstich sliepe koe omdat it jild feilich by de bank wie, is foarby. Fan de iene op de oare dei kinne jo alles kwyt reitsje. Der ha fansels altyd wol banklju west dy’t mei de poet oan de haal giene. Sa slim as no hat it de lêste ieu net west. It is net allinne dat in bank omfalle kin dat der foar soarget dat it publyk syn betrouwen ferliest yn banken. In protte ha har de lêste jierren al omraak besaud oer oan de útwrydske behuzing fan de banken. Der is gjin nee te keap. Itselde kin sein wurde fan de it sponsorjen fan fuotbalklups, reedsridersploegen, hurdfytsers ensf. Moatte banken wier reklame meitsje? Dat in Scheringa eigner is fan in eigen fuotbalklub hat er dien mei it jild fan syn klanten. En dan de grutte man úthingje. It liket hast op de tastannen yn de eardere feangebieten. De meast kwetsbere klanten wurde opdeselde wize útsûge.  En nimmen seit der wat fan. Elts lit him brûke. Wat in gelok dat der noch parse is dy’t misstannen foar it fuotljocht bringe kin, want tafersjoch blykt der amper te wêzen. Rieden fan kommissarissen sitte te sliepen of binne ynkapsele en hearre by it eigen “oldboysnetwork”. Wa’t ferfelende fragen stelt wurdt der útsetten.

Kin it oars? Jawis, it kin oars. De lju dy’t in bank brûke, hearre ek de baas te wêzen. Dat wie earder by de koöperatieve banken sa. It demokratyske gehalte is no by de banken folslein ôfwêzich. Dat sil ek wol te krijen ha mei de grutte fan de banken, mar jo kinne ek fraachtekens sette by de saakkundigens fan de direksjes en kommissarissen. Ha jo ferstân fan jild as jo kommissaris fan de keninginne west ha? Fansels dûke jo dan fuort as der slimme fragen steld wurde. Oars sakje jo miskien wol troch it iis. Dêrom: litte de brûkers fan de bank ek wer eigners fan de bank wurde en litte hja de bank wer dwaan litte wat dy dwaan moat en ophâlde litte mei ûnnedige jildsmiterij. In bank heart goed op it jild te pasen en as it kin jild mei jild te meitsjen. Soene lytse banken net better wêze as dy hiele grutte? Wannear openearret him immen dy’t mei oaren de bank wer “sa fêst makket as de bank” en in nije lytsskalige, koöperatieve bank  opset?  JvdB

oktober 15, 2009 12:34
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Wiebe oktober 17, 17:03

    Jo skriuwe: “In bank heart goed op it jild te passen en ….as it kin jild mei jild meitsje. Mar yn dat lêste sit him de oast. Mei dat jild mei jild meitsjen sykje de banklju de grinzen op en as dy oprekt wurde kinne, meitsje se dêr ge- of misbrûk fan.

    Yn de frije merksituaasje dy’t wy yn Europa hawwe, sil net samar foarskreaun wurde dat de br^kers fan de bank ek eigners fan de Bank wêze moatte. It frije ûndernimmersskip sil dêr tefolle mei beheind wurde. Nei myn betinken moatte DNB en de AFM mear en better tafersjoch hâlde kinne.

  2. Jabik oktober 17, 18:15

    Sa’n frije merksituaasje hat ek de mooglikheid om in bank yn stân te hâlden troch de sparders sels. Dan is der ek tafersjoch mar wol streekrjocht troch de earst belanghawwenden. Hja kinne der ek op tasjen dat oaren net in poat útdraaid wurdt en dat de bank der allinne mar is foar de direksjes. Hja beneame en ûntslaan de direksje. De lêste wiken ha sjen litten dat de frije merksituaasje ta misstannen liede kinne. Dêrom: tafersjoch troch de brûkers. It selde jildt foar de pensjoenfûnsen. Soene dy in Nijpels (dy’t letterlik fuortdûkt as hy om ferantwurding frege wurdt) beneamd ha as foarsitter fan it ABP? Ik leau der neat fan dat dy meidwaan wolle yn it baantsje taskowen lyk as de oligargy dat yn de 17e ieu ek al die. Der is neat nijs ûnder sinne.
    Jabik

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.