Opsterlân frjemd yn de knipe

oktober 31, 2009 10:41

De gemeenten Smellingerlân en It Hearrenfean wolle fusearje. Frjemd is fansels dat de gemeenten dan net tsjinelkoar oan lizze. De gemeente Opsterlân leit der noch tusken en is net fan doel om oan dizze fúzje mei te dwaan. De gemeente wol graach selsstannich fierder omdat se tinke dat tsjinstferliening nei de boargers op dit stuit goed is. Hielendal wis binne se der net fan en dêrom hawwe se in ûndersyk ynsteld. Kin de gemeente Opsterlân selsstannich bliuwe en is de tsjinstferliening yn de takomst ek noch goed genôch, dat binne fragen dy’t troch de gemeente Opsterlân steld wurde.

Fan de Provinsje út wurdt net posityf op de fúzje tusken Smellingerlân en It Hearrenfean reagearre. Neffens Galama moatte stêd en plattelânsgemeente elkoar opsykje en net twa stedsgemeenten. Galama tinkt dan ek oan mear stjoering fan de Provinsje út. Galama hat ferline jier al trochskimerje litten dat de gemeente It Hearrenfean it bêste fusearje koe mei de gemeente Skarsterlân. Dy lêste gemeente wie dêr kûgelsk oer dat Galema dat sein hie.

oktober 31, 2009 10:41
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.