Op ’e syk nei macht en leauwen!?

oktober 22, 2009 09:18

De Fryske Akademy hâldt op woansdei 28 oktober 2009 in gearkomste mei as tema ‘Stinzen, kleasters en tsjerken; op ‘e siik nei ferdwûne sintra fan macht en leauwen yn Fryslân’. Prof. dr.  Hans Mol en Sander Strating fersoargje fan 15.00 oere ôf in foardracht yn kongres- en stúdzjesintrum It Aljemint fan de Fryske Akademy oan de Doelestrjitte te Ljouwert. Besikers krije dêrnei sels de gelegenheid om gegevens nei te lûken fan stêden, doarpen en kriten. Hja kinne dêrby fierdere útlis krije fan Mol en Strating.

Yn de lette Midsieuwen wiene der yn de provinsje Fryslân mear as 500 stinzen, rom 360 parochytsjerken en 50 kleasters mei sa’n 90 úthoven. Oeral yn it flakke klaai- en feangebiet seach men groepkes stiennen gebouwen, foarsjoen fan tuorren mei faak in sealtek. Dêrfan binne allinne noch in tal doarpstsjerken oer. De rest is weiwurden, nei ferwoasting en ôfbraak.
It is dêrom dreech en meitsje jin noch in foarstelling fan de rike bebouwing fan midsieusk Fryslân. Mar ûnmooglik is it net. De Fryske Akademy hat alle oanbelangjende gegevens sammele en digitaal yn kaart brocht yn in saneamd GIS (Geografisch Informatiesysteem), dat fia ynternet tagonklik is: www.hisgis.nl.

Oktober Kennismaand
De gearkomste oer Stinzen, kleasters en tsjerken wurdt organisearre yn it ramt fan Oktober Kennismaand. Dit lanlik barren jout de besiker in priuwke fan de fassinearjende wrâld fan wittenskip en technology. Withoefolle (ûndersyks)ynstellings, bedriuwen, universiteiten, wittenskipssintra en stjerrewachten iepenje harren doarren. It tema fan dit jier is ‘Reis naar het onbekende’. It hiele programma is te lêzen op www.oktoberkennismaand.nl

Wa’t it programma by de Fryske Akademy meimeitsje wol, kin him of har oant uterlik freed 23 oktober 2009 opjaan fia baly@fryske-akademy.nl of tel. (058) 213 14 14.

oktober 22, 2009 09:18
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.