Nederlân tredde

oktober 24, 2009 11:33

Sweden hat Nederlân foarby stribbe as wichtichste earmoedebestrider. Dat blykt út de jierlikse yndeks dêr’t yn stiet hoe’t de 22 rykste lannen yn de wrâld oan earmoedebestriding bydrage. Denemarken komt op it twadde plak. Nederlân stiet mei Noarwegen op in dield tredde plak. De list is opsteld troch it Center for Global Development. Dat is in Amerikaanske tinktank. De yndeks is basearre op ferskeidene ûntwikkelingsgebieten en wol dy fan hannel, ynvestearringen, migraasje, miljeu, feilichheid en technology. Net ien fan de G8-lannen, dat binne de acht wichtichste yndustrialisearre lannen fan de wrâld, stiet yn de top-10. Kanada stiet op plak 11 it heechst fan de G8-lannen.

oktober 24, 2009 11:33
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.