Minder minsken op hjerst fakânsje

oktober 16, 2009 12:12

Dit jier sille sa’n 1,25 miljoen minsken fuort yn de hjerstfakânsje. Dat ferwachtet it Nederlânske buro foar toerisme. Dat binne 100.000 minsken minder as foarich jier. Neffens it NBTC komt dat troch de ekonomyske krisis, mar it hat ek te meitsjen mei de moaie neisimmer. Sa’n 650.000 minsken binne fan doel om fakânsje yn eigen lân te fieren. De rest giet nei it bûtenlân mar net al te fier fuort. Neffens de ANWB giet in kwart fan alle bûtenlânske reizen yn de hjerstfakânsje nei Dútslân. 18 persint giet nei Frankryk, en 10 persint giet nei Spanje.

oktober 16, 2009 12:12
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.