Maf

oktober 10, 2009 15:18

Fierljeppen is maf, ferfelend. Dat wurdt samar eefkes fêststeld, yn Japan, neffens de krante. No it sil wol, mar ik bin it der net mei iens. Ik hoopje dat it fierljeppersbûn en de fierljeppers sels harren der neat fan oanlûke.

It is wol singelier dat sa’n soad frijetiidsbesteging langer aloan mear yn kompetysjefoarm getten wurdt. Benammen foar de televyzje kinne se der wat fan. It is my ûntsketten wannear’t dy goarre begûn is. Doe’t ik noch jong wie seagen wy nei ‘Een van de acht’, ‘Sterrenslag’ en ‘Zeskamp’, mar neidat – no ek al wer jierren lyn – it Big Brotherhûs spile hie, kamen der hieltyd mear fan dy programma’s. Sjonge, dûnsje, reedride troch BN’ers mei beropsriders en koaren dy’t tsjininoar opbiede moasten en neam mar op. Hieltyd giet it derom dat de ‘sterkste’ oerbliuwt, wat dat sterke dan ek mar foarstelle mei.

It gekke is dat alle stjoerders inoar neibouwe. It liket wol oft it in ferplichte formule is. Ik krij by dy sjongkompetysjes de yndruk dat der gjin foarseleksjes mear holden wurde foardat der tv-registraasjes fan makke wurde. De foarseleksjes sels wurde ek útstjoerd. Dêr kin ik mei kromme teannen nei sitte te sjen. Guon lju dy’t har eigen mjitte net kenne, moatte tsjin harsels beskerme wurde, tinkt my.

In pear jier lyn seach ik Gerda, in al wat âldere frou, yn sa’n programma. Ik ken har tafallich en ik hold myn hert fêst. Se mient dat se o sa moai sjonge kin. Yn koaren hâldt se it net sa lang fol, want se jout oeral en altyd argewaasje. Ik hearde har ris sizzen dat se te goed foar koaren is “want dy sjonge altyd falsk”. Gerda no weage har yn de TV-kompetysje. It wie ôfgryslik en begrutlik. Se song dan figuerlik ek al ôf foardat de sjuery syn oardiel joech. Hoe’t dêrnei de sjueryleden de grûn mei har oanfagen, wie hielendal by de spinnen om ’t ôf. Sa giet men net mei minsken om! It is ûnminsklik dat guon publikelik sa ôfseame en de grûn yn wâlde wurde. Der wurdt soms tsjinyn brocht dat se der sels om frege hawwe. Dat mei sa wêze, mar guon binne net wizer. Om Gerda begrutte it my ta de teannen út. It sloof is net wizer. Ik soe wolle dat der ferstannige minsken wiene dy’t de kandidaten foarôf hifkje en har de tagong ta it publyk fermeits dat televyzje hjit, ûntsizze. Binne wy de midsieuwen nòch net ûntgroeid? Doe fermakken de lju har mei ûngelokkige en misfoarme minsken. Bah! Ik sjoch der net mear nei. Goudkeape televyzje, makke oer de rêgen fan oaren hinne.

Geiske Terpstra

oktober 10, 2009 15:18
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.