Lêzing 17 oktober Appelskea

oktober 6, 2009 12:38

De hear Rensen fan Wolvegea sil op sneon 17 oktober in lêzing mei dia’s fersoargje foar de Histoaryske feriening Appelskea e.o.. Rensen is lid fan “De Feriening fan belangstellenden yn spoar en tram”. Dat is in lanlike feriening.

De lêzing folget de oanlis fan de line Gordyk–Assen troch de N.T.M., de saneamde Drintske Line. Dy line is oanlein yn de Earste Wrâldoarloch, dus sa om 1915 hinne. It wie in nuodlike tiid, benammen yn ekonomysk opsicht. Nederlân wie wol neutraal yn dizze oarloch mar û.o, de eksport stûke.

De sprekker besiket der ek efter te kommen wêrom’t it spoar net by de Damslûs lâns gie , mar krekt bûten it doarp ombûgde nei de Drintskewei en de Liemdyk.

Wêrom is de Daamslûs sa let oanlein, wêr stienen de kalkûnen?

De lêzing op sneon 17 oktober  bart yn de  “Hoolten Klinte” oan de Boskberch nr. 1 te Appelskea  en begjint om 14.00 oere

oktober 6, 2009 12:38
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.