Lantsjepik

oktober 31, 2009 12:07

As famke haw ik ris by in omke en muoike útfanhûze. Dy wennen poer op ’e romte by Stobbegea. Se seine trouwens altyd Stobbegat. Neffens omke hie it sa altyd hjitten, mar omdat de minsken dêr leaver net yn in ‘gat’ wenje woene, hiene se de namme yn Stobbegea feroare. Dat wie wat foarnamer, sjoch. Letter is it Vegelinsoard wurden. Omke en muoike binne al gau ferhuze. Sûnt dy tiid haw ik der nea wer west.

Wy hiene dêr net folle te boartsjen, wit ik noch wol. Wy – twa neven, in nichtsje en ik – waarden gauris te toarnbeisykjen stjoerd. Dan hie muoike ús in moai skoft net om ’e teannen. Ien spultsje haw ik dêr lykwols kennen leard en nei dy tiid ek nea wer spile. Omke hie in grutte plakke bak timmere. Dêr siet sân yn. Dat moast wiet makke wurde en dan glêd strutsen. Om bar moasten wy dan op ôfstân in âld stomp mes sa yn de bak goaie dat it yn it sân stean bleau, om dan yn it ferlingde dêrfan in rjochte streek te lûken. Dat wie de nije grins tusken ús lannen. Dêrom hjitte dat spultsje lantsjepik.

Dy útfanhûzerij kaam my juster yn it sin doe’t ik earst fan de radio en letter út de krante fernaam dat se harren yn dy Feanster omkriten ek wakker oer gemeentlike weryndieling drok meitsje. Yn de Ljouwerter krante seach ik in moaie kaartsje. Dat makke dúdlik dat in fúzje fan It Hearrenfean en Smellingerlân in frjemd gefal wurdt omdat Opsterlân dertuskenyn leit en omdat de haadplakken It Hearrenfean en Drachten beide sawat oan de uterste râne fan harren gemeenten lizze. By in fúzje mist de nije gemeente in hert. De koartste klap soe wêze en pik Opsterlân yn. Dan kin De Gordyk moai it haadplak wurde. Dy fan Opsterlân wolle lykwols op har sels bliuwe. En jou se ris ûngelyk! Ik kin my foarstelle dat Peter de Jonge en Bert Middel wol sin oan in spultsje lantsjepik hawwe. Al wie it mar om in soarte fan korridor te meitsjen. Dêrsûnder komt it faai te stean. Dan soe it iene part fan de gemeente net sûnder libbensgefaar út it oare part wei te berikken wêze! Se soene ek in stik fan Boarnsterhim naderje kinne. Dat sil dochs wol ûnder it mes moatte, òf ûnder de hammer, dat kin ek. Dy’t it measte biedt mei it hawwe!

Ik begryp dy politisy fan hjoed-de-dei net sa goed. Oan de iene kant wurdt klage dat de polityk te fier fan de minsken ôf komt te stean en oan de oare kant wakker foar weryndieling en gebietsfergrutting wêze. Ik bin bang dat it úteinliken om macht giet. Wat mear se fan de minsken ôf sitte, wat mear se sels te sizzen krije. Earder waard altyd al sein dat it provinsjebestjoer net by de minsken libbe, en oan de opkomst by de ferkiezings wie dat te sjen. Strak binne de gemeenten sa grut dat de ynwenners ek al neat mear mei it gemeentebestjoer hawwe. En dy kinne dan lekker har gong gean.

Dat it om macht giet, wie juster yn in ynterview mei ien fan de boargemasters te hearren. De posysje fan Ljouwert mocht net yn gefaar komme. De provinsjehaadstêd heart wol yn de sterkste gemeente te lizzen. No, dêr hoegden jo net bang foar te wêzen, want nei alle gedachten soe Boarnsterhim wol yn de gemeente Ljouwert opgean. En dan wie dat wol in hiel sterke gemeente. Wat in ûnferstân, tocht ik. Ljouwert sit strak mei grutte finansjele tekoarten en Boarnsterhim hat dy altyd al. Wêr sit dy sterkte dan yn? Wa kin ús politisy ris oan it ferstân bringe dat grutter net itselde is as better, moaier en deegliker? Dat hawwe wy yn it ûnderwiis en de soarch dochs al lang sjen kinnen? Leare se dêr neat fan?

Geiske Terpstra

oktober 31, 2009 12:07
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.