Klup fan Rome hat gearkomste

oktober 28, 2009 12:41

Kluplogo

De Klup fan Rome trunet oan op rappe aksje om it gefaar fan in katastrofale klimaatferoaring ôf te kearen. Regearingen hawwe biljoenen dollars útlutsen foar it stabilisearjen fan it finansjele systeem, no moat der ek genôch jild op it kleed komme om de takomst fan ús planeet te rêden. Wy meie net werom nei de ekonomyske groei fan foar de ekonomyske krisis, mar regearingen en bedriuwen moatte de urginsje fan de problemen ynsjen en foar in fatsoenlike takomst foar ús bern en bernsbern soargje.

Dat stiet yn de ‘Ferklearring fan Amsterdam’ dy’t de Klup fan Rome juster nei har jierlikse gearkomste útbrocht, dit jier op 26 en 27 oktober holden yn it Muzykgebou oan it IJ. De yn 1968 oprjochte tinktank – dy’t yn 1972 mei it ferneamde rapport ‘Grinzen oan de groei’ de soarch foar it miljeu yn ien klap heech op de politike aginda’s sette, mar ek in protte krityk krige omdat de foarseine rampen foarearst útbleaunen – is noch hieltyd net te benaud om in krêftich lûd hearre te litten.

 It hjoed-de-dei tagelyk opkommen fan ûnderskate ekonomyske en ekologyske krisissen – klimaatferoaring, wiid fersprate earmoede, útstjerren fan soarten, útputting fan helpboarnen, enerzjyproblemen, miljeufersmoarging, minder wissichheid oer wetter en iten en it ynstoarten fan de finansjele systemen – is neffens de klup gjin tafal mar wurdt feroarsake troch ús rije konsumpsje, ús yneffisjinte en fermuozjende produksje en ús behyplike en min regulearre finansjele ynstellings. It hat no gjin doel en pak de symptomen allegearre apart oan want de oarsaken hingje gear en komme fuort út ús efterhelle sosjale en ekonomyske systemen, stelt de klup. De earstfolgjende gelegenheid dat it der foar de wrâld op oankomt, is by de klimaatkonferinsje fan de Feriene Naasjes yn Kopenhagen. De Klup fan Rome stiet der by de regearingen op oan in krêftige oerienkomst te sluten om in rampsillige klimaatferoaring foar te kommen, ynklusyf in stabyl hege koalstofpriis om ynnovaasjes te stimulearjen. Natuerlike helpboarnen moatte gâns effisjinter brûkt wurde troch hegere belêstings yn kombinaasje mei legere heffings op arbeid. Bedriuwen moatte de kânsen sjen en ynspylje op de rap opkommende fraach nei nije duorsume produkten, ynnovative enerzjy-oplossings en effisjinter gebrûk fan grûnstoffen.

 Yn de ferklearring stean de folgjende doelstellings foar ienriedich ynternasjonaal optreden:

  • Binende ôfspraken op de FN-klimaatkonferinsje yn Kopenhagen om te kommen ta koaldioksydekonsintraasjes yn de atmosfear fan heechstens 350 ppm (1 ppm is in tûzenste promille).
  • Ynstellen fan finansjele meganismen, lykas in koalstofmerk, dêr’t lannen, bedriuwen en mienskippen harren koalstofemisjes mei ferleegje kinne oant de fereaske nivo’s.
  • Mear help foar de ûntwikkeljende lannen om de effekten fan de klimaatferoaring te ferminderjen troch harren ûntjouwing oan te passen.
  • It stypjen fan in nij ûntwikkelingsmodel foar de wrâld basearre op de echte wearde fan natuerlik kapitaal en it nut fan ekosystemen, lykas it opnimmen fan koaldioksyde.
  • It útfieren fan in binnen it jier ôf te rûnen stúdzje nei oanpassingsfoarstellen yn de ynternasjonale struktuer om de útdagings fan de 21e ieu yn ’e mjitte te kommen.

oktober 28, 2009 12:41
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.