Keatsfjild Boalsert ‘dresse’
Resint ferskynd
Der moat wat oan it keatsfjild fan Boalsert barre. Neffens foarsitter Berend Ziengs moatte brutsen ankels te foaren kommen wurde. Der is wetteroerlêst en it fjild sit fol mei kûlen. It hiele fjild opnij oanlizze soe 41.000 euro kostje. Mar neffens Ziengs is dat net nedich. De boppelaach moat flak lutsen wurde en dan is it al klear. Dy metoade wurdt ‘dresse’ neamd. As de drainaazje dan ek noch trochspield wurdt en in goate groeven, is keatsfjild wer klear, neffens de foarsitter. Dizze metoade kostet likernôch 2000 oant 5000 euro. De mearderheid fan de politike partijen is bliid mei de goedkeape oplossing. Se hawwe de wethâlder frege om offertes oan te freegjen.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje