Jitasfalt nije slytlaach op brêgen

oktober 26, 2009 15:09

De Galecopperbrêge yn de A12 by Utert hat te kampen mei stielwurgens en moat driuwend, slim opknapt wurde. Rykswettersteat hat besluten dat yn twa fazen oan te pakken. De earste wie in tydlike reparaasje ôfrûne simmer fan de krityske plakken yn it stiel en de slytlaach. De twadde faze is in grutskalige fernijing oer in pear jier. Foar de earste, tydlike faze moast foar de slytlaach in duorsume oplossing komme. CSS, de bouwkombinaasje fan jitasfaltspesjalisten Smits Neuchâtel Infrastructuur en SBO beaen dêr jitasfalt foar oan. Oan harren waard de opdracht gund.

Dat Rykswettersteat foar jitasfalt keazen hat, is fan de technyske eigenskippen út wei sjoen logysk, sizze saakkundigen. “Jitasfalt is de bêste oplossing as slytlaach foar stielen brêgen. It beskermet de stielkonstruksje langer tsjin focht as tradisjoneel asfalt. Boppedat is it in duorsume slytlaach. Gewoan asfalt is net geskikt op in stielen brêge, omdat it de bewegingen net folgje kin en dus stikken giet.

Gau oan te bringen

Jitasfalt kin gau oanbrocht wurde. En dat is in grut foardiel yn ferliking mei bygelyks hegesterktebeton, dat ek wol faak as slytlaach op stielen brêgen tapast wurdt. Jitasfalt kin lykwols yn in koartere tiid oanbrocht wurde. De kosten binne dêrtroch leger en de hinder foar it ferkear minder. Dat lêste is in wichtich punt foar Rykswettersteat út in eachpunt fan it omgean mei ferkearsbelied en it miljeu. De Galecopperbrêge is nei de Van Brienenoordbrêge it twadde grutste knyppunt fan ús wegenet. Der ride sa’n 200.000 auto’s deis oer en hy is de wichtigste skeakel tusken East- en West-Nederlân. Dêr wolle jo sa min mooglik oerlêst foar de weigebrûkers hawwe.

Jitasfalt is yn de lêste jierren ynnovatyf sterk fierder ûntwikkele, sadat it net mear gefoelich foar spoarefoarming is. Jitasfalt hat jierrenlang mei dat imago te kampen hân, mar dat is achterhelle. De technyske en konservearjende eigenskippen derfan binne oanpast en falle no rom binnen de grinzen fan wat akseptabel is. Dêrmei is it produkt tige geskikt foar noch mear stielen brêgen dy’t de kommende jierren ûnder hannen nommen wurde moatte.

Goede gearwurking  

De Galecopperbrêge oer it Amsterdam-Rijnkanaal leit yn it sicht fan it haadkantoar mei hûnderten minsken fan Rykswettersteat. Om dan in projekt goed út te fieren, moatte jo wol hiel wis wêze fan de kwaliteiten fan jo produkt en jo organisaasje, fynt de útfierder. Mei tank oan de goede gearwurking mei de stielkonstruksjespesjalist fan Rykswettersteat. De kommunikaasje wie gelykweardich en wy hiene in iepen dialooch. Ek wie der fan wjerskanten fertrouwen. Wy koenen as oannimmers ús kennis en ûnderfining ynbringe en dêrmei Rykswettersteat maksimaal stypje. It wurk moast tusken 26 july en 14 augustus 2009 útfierd wurde. De autobaan koe twa dagen earder as plend wer iepensteld wurde.

oktober 26, 2009 15:09
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.