It raarste Hollânsk yn Fryslân

oktober 28, 2009 14:56

De Nederlandse Taalunie hat oan it grutte publyk de fraach foarlein wêr’t it Nederlânsk (les Hollânsk) it moaist en wêr it raarst útsprutsen wurdt. Ut de antwurden docht bliken dat neffens de measten de lûding yn Haarlem it moaist is. It raarste Hollânsk hearre se yn Fryslân.

De Flamingen jouwe de foarkar oan it Nederlânsk út de provinsje Antwerpen, mar dat fan de stêd Antwerpen wurdt it minst wurdearre. Foar sappich Nederlânsk moat men nei Suriname.

Der waard ek frege wa’t it moaiste Nederlânsk sprekt. Yn Nederlân hearre se it leafst Philip Freriks, yn Flaanderen Marine Tanghe en yn Suriname Anne-Marie Sanches.

Dat en folle mear stiet yn de fiifde edysje fan Taalpeil, de jierlikse krante fan de Nederlandse Taalunie. Elkenien kin dy krante fergees as pdf fan it ynternet helje.

oktober 28, 2009 14:56
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.