Hypoteekgarânsje (NHG) yn trek

oktober 17, 2009 15:05

Hieltyd mear wenningkeapers slute in hypoteek ôf mei Nationale Hypotheekgarantie (NHG). Dat docht bliken út it lêste fearnsjierberjocht fan NHG. Neffens Karel Schiffer, direkteur fan NHG, is it tal oanfragen mei 30 % omheech gien. De populariteit is net ferwûnderlik.

Hûnderten euro’s besparje

De hypoteekgarânsje is oantreklik,  omdat dy in koarting op de hypoteekrinte opleveret. De koarting kin oprinne oant 0,8 % jiers. In besparring fan hûnderten euro’s is goed mooglik. Foar it krijen fan de hypoteekgarânsje moat de wenningkeaper oan allerhanne betingsten foldwaan. Dy betingsten binne op 1 july ferbettere. Fan dy datum ôf falle hypoteken oant in bedrach fan 365.000 euro ûnder de NHG.

Ek foar ferbouwingen

It hypoteekbedrach fan 365.000 euro jildt allinnich foar de keapers fan in oare wenning. Dy’t net ferhúzje wol, mar oan in ferbouwing tinkt, kin ek in hypoteekgarânsje oanfreegje. Yn dat gefal mei de hypoteekskuld net mear as 265.000 euro bedrage. By dat bedrach leveret de hypoteekgarânsje ek hûnderten euro’s foardiel op.

Foar de NHG moat men wol betelje. De hypoteekgarânsje kostet 0,45 % fan de hypoteeksom. Yn de praktyk binne de kosten gau weromfertsjinne.

oktober 17, 2009 15:05
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.