Harksitting fan de kommisje Hoekstra

oktober 20, 2009 16:40

Ofrûne freedtemiddei hat der yn it Provinsjehûs in harksitting fan de Stjoergroep Hoekstra west. Fertsjintwurdigers fan ferskate organisaasjes ha dêr har fisy jaan kinnen op de desintralisaasje fan wetlik foech oer it ûnderwiis. De Ried fan de Fryske Beweging is as NGO (net-gouvernementele organisaasje) heard troch de kommisje. Yn it betankje fan de provinsje oan de ynsprekkers seit de provinsje: “Ek al hat der neat oer yn de kranten stien, foar it Frysk hat it in wichtige middei west. De Commissie Lodders advisearret yn har rapport om rykstaken op it mêd fan de  Fryske taal sa folle mooglik nei de provinsje Fryslân te desintralisearjen. Mei oare wurden, te besjen oft it wetlik mooglik is om it foech oer de Fryske taal fan it Ryk foar sa fier mooglik oergean te litten nei de provinsje Fryslân. It is oan de Stjoergroep Hoekstra om te kommen mei útstellen oangeande in konkrete ynfolling fan in gearhingjende desintralisaasje en koördinaasje fan taken en foech dy’t mei de Fryske taal ferbân hâlde fan Ryk nei Provinsje.

Noch nea earder hat it Ryk sa serieus oerwoegen om taken oangeande it Frysk te desintralisearjen. It is dus no it momint en as provinsje moatte we der by wêze. Doel fan de Stjoergroep wie om op de harksitting fan saakkundigen en minsken út de ûnderwiispraktyk yn Fryslân te hearren wêr’t neffens har de knyppunten sitte as it giet om de posysje fan it Frysk yn it ûnderwiis, oan hokker oplossings tocht wurde kin, en hoe’t desintralisaasje fan foech en ferantwurdlikheden nei de provinsje in bydrage leverje kinne soe oan dy oplossings.

De leden fan de Stjoergroep hawwe neffens ús in aardich kompleet byld krije kinnen fan hoe’t it lân der hinne leit by ús as it om it Frysk yn it ûnderwiis giet. 

Foar 1 jannewaris 2010 moat de Stjoergroep mei in rapport komme. Jim bydrage hat dêrby tige wichtich west. De kommende tiid sille wy nijs en ûntwikkelingen oangeande de Stjoergroep publisearje op www.fryslan.nl/foechfrysk. Op dy wize wolle it fjild op ‘e hichte hâlde”.

oktober 20, 2009 16:40
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.