Gjin foie gras Hearrenfean

oktober 30, 2009 11:43

Restaurants en caterings op It Hearrenfean hawwe ôfpraat om gjin foie gras mear op it menu te setten. Foie gras is ferfette guozze- of einelever, dêr’t de bisten ûnder twang foar fuorre wurde moatte. It Hearrenfean is it earste plak yn Nederlân dêr’t horekabedriuwen sa’n ôfspraak hawwe. Fjirtich restaurants en keteraars hawwe dat ôfpraat op inisjatyf fan Wakker Dier. It is yn Nederlân al wol ferbean om foie gras te meitsjen. It fuorjen ûnder twang is foar de bisten ferskriklik. It soarget foar ferwûnings en de bisten stikke hast. Dêrnjonken wurde se sa gau fet, dat sykten har oppenearje.

Sjoch it filmke hoe grouwélich oft it is.

oktober 30, 2009 11:43
Skriuw in reaksje

3 opmerkingen

  1. ReadeKrêft novimber 24, 16:21

    Wêrom dan gjin “freonlike” einelever, freegje ik my yndied ôf.
    Goed dien, Hearrenfean!

  2. ReadeKrêft novimber 24, 16:24

    Aah! Dat filmke! Ik kin der net nei sjen, wat ôfgryslik! Soks moat dôchs yn ‘e hjoeddeiske wrâld net mear barre kinne?

  3. Anonym novimber 25, 19:14

    De skriuwwize is “foie gras” (fette lever).

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.