Gearwurking skoallen en bedriuwen

oktober 29, 2009 22:05

Hjoed sil op in feestlike gearkomste yn Bakkefean it startskot jûn wurde foar in grutskalich gearwurkingsprojekt tusken ûnderwiisynstellings en it technysk bedriuwslibben yn Noard-Nederlân. Mei-inoar giet it dêrby om 250 bedriuwen,  30 vmbo-skoallen en alle 5 de ROC’s. It haaddoel is om de ynstream yn it technysk beropsûnderwiis te befoarderjen en dêrmei mear jongerein kieze te litten foar in technysk berop. Mei it projekt is in bedrach fan € 91.000,- muoid.

De skoallen en bedriuwen wurde gearbrocht yn fjirtjin saneamde ‘TechNet-rûnten’. De TechNet-rûnten wurde yn de regio Noard ûntwikkele op basis fan de BTOLPI-gearwurkingsferbannen en de inisjativen fan Technomatch. TechNet is in projekt fan TechniekTalent.nu – in lanlik gearwurkingsferbân fan 31 organisaasjes út de technyske sektor – en Platfoarm Bêta Technyk.

Erik Yperlaan, foarsitter fan it direkteureoerlis fan TechniekTalent.nu: “Ik sprek myn wurdearring út foar it inisjatyf fan bedriuwslibben en skoallen dat de grûnslach wie foar duorsume gearwurking ûnder  de flagge fan TechNet. Mei mar ien doel: mear jongerein ynteressearje foar in baan yn de technyk. En dêr is in soad ferlet fan. It technysk bedriuwslibben is sterk fergrize, in soad wurknimmers geane de kommende jierren mei pensjoen. As de ekonomy wer oanlûkt, komme wy mei grutte personielstekoarten te sitten. Jonge oanwaaks is dus fan libbensbelang foar de bedriuwen.”

Hans Corstjens, direkteur fan Platfoarm Bêta Technyk: “It kabinet hat as ien fan de spearpunten it fersterkjen fan in heechweardige kennisekonomy fan ús lân. As Platfoarm Bêta Technyk binne al ús aktiviteiten dêrop rjochte. Dat freget in koördinearre oanpak fan basisûnderwiis oant arbeidsmerk. Wy stypje dit inisjatyf fan TechNet dan ek fan herten, omdat it ûnderwiis en bedriuwslibben byelkoar bringt om mienskiplik op te lûken. Yn Noard-Nederlân nimme skoallen entûsjast diel oan it Ambysjeprogramma en komme der einliks mear  learlingen dy’t Technyk kieze. Mei TechNet sille de skoallen noch bettere resultaten helje kinne.”

oktober 29, 2009 22:05
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.