Gastfrij yn it Frysk?

oktober 14, 2009 11:37

Albert Hendriks beklaget him der yn de Ljouwerter Krante fan 13 oktober oer dat deputearre Jannewietske de Vries har taspraak yn Snits yn it Frysk hold. Hendriks is direkteur fan it toerismeburo “Friesland-Holland”. It is deselde dy’t it  foarop rûn om ach ende wee te roppen doe’t dêr besletten waard om de plakken har Fryske namme werom te jaan. Dat soe de “bûtenlanners” sa ôfskrikke dat der nimmen mear nei Fryslân ta woe. No is it de deputearre dy’t de minsken fuortjaget troch Frysk te brûken yn har taspraakje. Op de bekende fraach of it ek yn it Hollansk kin seit de deputearre dat wa’t it wol nei ôfrin in Hollânske oersetting krije kin. Neffens Hendriks is dat in foarm fan diskriminaasje. Syn redenearring is: “Een Nederlander die Hollands opgevoed is en zich recent in Friesland heeft gevestigd, heeft in ieder geval een punt, hij heeft een vette handicap: hy ferstiet gjin Frysk. Dus moet Jannewietske de Vries Nederlands tegen hem praten. Dat is zij wettelijk verplicht….”. It nijsgjirrige is dat Hendriks der net by seit wêr’t dat wetsartikel eins stiet dêr’t er him op beropt. It frjemde fan Hendriks is dat er de deputearre min gastfrouskip ferwyt mar net seit dat de “allochtoan” him net gedraacht as in gast troch de gastfrou yn eigen hûs te freegjen har te ferbrekken. Dat de deputearre de kop derfoar hâldt en net lykas 95% fan de Friezen op it Hollânsk oergiet, falt har te priizgjen. It is in goed foarbyld foar oare Friezen dat neifolging fertsjinnet. Soe Hendriks net better mear gebrûk meitsje kinne fan de meartaligens yn Fryslân as “unique selling point” yn stee fan him altyd ôf te setten tsjin it Frysk? (om it Hollânsk mar eefkes oer te slaan, want dat ferstiet de bûtenlanner teminsten wol, sille wy hoopje).  

N.B. Oan de namme fan Hendriks syn buro soene jo sizze dat er foar Fryslân en de Hollannen wurket. Dat is net sa: hy neamt syn saak it ienige ûnôfhinkelike buro foar “toerisme in Nederland dat geheel zelfstandig opereert en onafhankelijk is van overheidssubsidies. Hoofdactiviteit is het bevorderen van toerisme en recreatie in één provincie: het waterrijke Fryslân”. Hollân sil hjir wol wer stean foar Nederlân.

 

oktober 14, 2009 11:37
Skriuw in reaksje

4 opmerkingen

  1. J.H.Boersma oktober 14, 21:06

    Dy Hendriks moat ophâlde fan eameljen.
    Dat gedoch om it wurd “Hollân” te brûken as men
    De Nederlannen bedoelt moat stopje.
    Wy binne Frysk en net Hollanners mei in ôfwiking.

  2. Hietkamp oktober 16, 10:37

    At Fryslân no in selsstannige lân west hie (wat net sa is en dêrom meastentiids yrrelevant is om oer te fantasearjen) dan hienen wy it like frjemd fûn dat men ús freget om hjir Hollânsk te praten as men it frjemd fynt wannear’t in Turk of Marokkaan freget om Turksk of Marokkaansk te praten omdat er gjin Hollânsk ferstjit.

    In Fries moat yn Fryslân it rjocht hawwe om it Frysk te kinne brûken. As de deputearre der ek noch in Hollânske oersetting oanbiedt is dit allinnich mar in teken fan goed fatsoen, want sy is der hielendal net ta ferplicht.

  3. Mark maart 28, 14:29

    Werom wolle al dy “Hollanners” hjir wenje, as se sa’n argewaasje ha fan de Fryske taal? Dat is dochs it earste wat je leare wolle as je hjir wenjen gean?

  4. mbc84 maart 28, 14:46

    net sa nayf Mark, Fryslân is dochs Nederlân???!!! Wêrom dan Frysk leare, dat hawwe je dochs net nedich, dy ferrekte dwerse Friezen kinne beslist wol Nederlânsk prate….

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.