Frysktalich sosjaal netwurk

oktober 5, 2009 19:37

Fan 1 septimber ôf hat Fryslân der in nij paradehynderke by. It earste folslein Frysktalige sosjaal-netwurk is online; Netlog! Op dit stuit binne der al 486 brûkers aktyf.

 

Netlog hat oer de hiele wrâld goed 54 miljoen brûkers en ûnderskiedt him fan oare netwurken troch brûkers safolle mooglik de romte te jaan om yn de eigen taal te kommunisearjen. Dat wie ek de reden wêrom’t se by Skanomodu kamen mei it fersyk om in Fryske ferzje te ûntwikkeljen. De stúdzjeferieniging Skanomodu bestiet út studinten fan de oplieding ‘Fryske taal en Kultuer’ en hat de kennis yn ‘e hûs om dizze opdracht mei faasje op te pakken en de side op in korrekte wize oer te setten. Dat hat nei in healjier hurd wurkjen resultearre yn it earste folslein Frysktalige sosjaal-netwurk!

 Jo fine Netlog op: fy.netlog.com.

oktober 5, 2009 19:37
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.