Fragen feilichheid spoarwegen

oktober 9, 2009 08:06

Der is te min ynsjoch yn de feilichheid op it spoar yn de provinsje. It is net bekend wêr’t yn Fryslân krekt it nije ATB-feilichheidssysteem wurket en oft der hjir ek treinen troch reade seinen ride. Dat docht bliken út skriftlike fragen fan de FNP-steatefraksje oan deputearre Adema.

Prorail makke dit wykein nei oanlieding fan it slimme ûngemak yn Barendrecht bekend dat rûnom yn Nederlân treinen troch read ride. It ferbettere ATB-systeem dat de seinen befeiligje moat, is om jild te sparjen mar op inkele plakken oanbrocht. De FNP wol no witte hoe’t de sitewaasje yn Fryslân is. Wurdfierder Marten van der Veen freget fierder oft der ek plannen binne om hjir it spoar feiliger te meitsjen.

De FNP is fan betinken dat de Provinsje derop oanstean moat dat foar alle seinen it ferbettere ATB-systeem sa gau mooglik ynfierd wurdt. Op plakken dêr’t dat noch net sa is soe foarljochting komme moatte. Neffens Marten van der Veen fan de FNP soe it logysk wêze moatte dat de Provinsje aksje foar de feiligens ûndernimt.

Boarne: Parseberjocht FNP

oktober 9, 2009 08:06
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Peter oktober 12, 08:46

    Leuk artikel

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.