Fraachpetear mei Berlusconi
Resint ferskynd
- Set in hantekening foar “it behâld fan de eigenheid fan regio’s” 1
- Priisfraach: toerisme sûnder barriêres yn Nederlânsk en Dútsk Waadgebiet 0
- Harkje nei ferhalen út de Twadde Wrâldoarloch op Atlantikwall-lokaasjes 0
- Regear wol werom nei normaal yn seis stappen (mei datums!) 2
- Japan wol radio-aktyf koelwetter fan Fûkûsjimaramp yn see rinne litte 0
De Italiaanske premier Berlusconi hâldt net fan syn wurk. Dat sei er yn in fraachpetear mei CNN. Berlusconi hat de ôfrûne jierren wat nuvere útspraken dien, benammen nei oare politisy ta. Sels seit er dat er in iepen en oprjochte persoanlikheid is. De media hat in protte skreaun oer Berlusconi, mar neffens him is de helte dêrfan optocht. Op feesten ferskynde er de ôfrûne jierren gauris mei kreaze jonge fammen, de media skreau dat it mei de presintaasje fan syn persoanlikheid te krijen hie, mar neffens Berlusconi ha dy fammen gjin sint fan him krigen. Berlusconi is de langstsittende premier fan Italië. Hy waard yn 2008 foar in tredde amtstermyn keazen. De folgjende Italiaanske ferkiezings binne yn 2013. Neist syn kariêre as politikus is er de besitter fan de fuotbalklup AC Milan en is de eigner fan ferskate kranten, radio- en televyzjestjoerders. Berlusconi sei tsjin CNN dat er yn 1994 de polityk yn gie, om dêr tsjin de Linkse macht en de ‘kommunistyske ideology’ yn Italië te striden. De 74-jierrige politikus seit dat er it amt as in plicht foar syn lân sjocht, en dat oare minsken goed oer him tinke.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje