FNP kritysk oer asfaltsintrale
Resint ferskynd
De steatefraksje fan FNP stelt skriftlike fragen oer de mooglike komst fan in asfaltfabryk op it nije bedriuweterrein Nieuw Stroomland by Ljouwert. De steatefraksje freget him ôf oft dit net in selde soart ynstallaasje is (swiere yndustry) as de REC by Harns.
Ien fan de haaddoelstellings fan ‘Nieuw Stroomland’ is duorsumens. De FNP wol graach fan Deputearre Steaten witte hoe duorsum in asfaltfabryk is en hoe’t him dat ferhâldt mei de doelstelling dy’t ôfpraat is. Boppedat liket it wol mei it organisearjen fan in foarljochtingsjûn as soe provinsje de inisjatyfnimmer fan de fêstiging fan dizze asfaltfabryk wêze. Ek dêr freget de FNP helderheid oer.
‘Gebietsûntwikkeling Nieuw Stroomland is in gearwurking tusken de gemeenten Menameradiel, Littenseradiel, Ljouwert en de provinsje Fryslân. Nieuw Stroomland is in gebiet súdwestlik fan Ljouwert en stiet foar fernijend wenjen, wurkjen en rekreëarjen yn in ynnovative buert dêr’t it âlde werkenber yn bliuwt’, sa skriuwe de inisjatyfnimmers. De FNP wol witte wêrom’t dêr no krekt in asfaltfabryk yn past.
“Wy sitte net te wachtsjen op in twadde REC-affêre”, seit wurdfierder Pytsje de Graaf. “Boppedat leit Nieuw Stroomland oan de westkant fan de stêd Ljouwert en de útstjit sil by in westlike wyn de stêd yn blaasd wurde. Wy wolle graach witte wêrom’t no krekt foar dizze lokaasje keazen is en oft sa’n swiere yndustry binnen de duorsume doelstellings past.
It is goed om de omwenjenden te ynformearjen oer de inisjativen dy’t op dit stuit spylje by gebietsûntwikkeling Nieuw Stroomland. Lykwols de bedoeling wie dochs om yn dit gebiet mei duorsume en ynnovative projekten te kommen lykas sinnepanielen, duorsum bouwen en dongfergistingsynstallaasjes? Ek yn dat ramt komt in asfaltfabryk de FNP nuver foar.”
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje