Fakânsje

oktober 25, 2009 11:38

Doe’t ik noch foar de klasse stie, makke it wurk foar in grut part it ritme fan ús libben út. Woene wy der ris op út, dan moast dat yn de fakânsje. Doe’t ik ophold, tocht ik dat dy fakânsjes by it plannemeitsjen gjin rol mear spylje soene. Wy koene fuortgean wannear’t wy dat woene, tocht ik. Wy soene de tiid oan ússels hawwe. Myn man is syn eigen baas, dat wy soene tenei sels ús tiid yndiele. No, nei in jier of wat, moat ik bekenne dat dêr net folle fan telâne kommen is.

Ik sit yn in pear kommisjes en wurkgroepen, myn man yn in pear bestjoeren en oerdei hat er allegear ôfspraken. Tegearre sjonge wy yn in koar. It is mâl, mar der is alle wiken wol wat. Yn dat hiele netwurk spylje de fakânsjes in grutte rol, docht hieltyd wer bliken. De iennige lege siden yn ús bûsboekjes binne dy fan de fakânsjewiken! Elkenien hâldt rekken mei de skoalfakânsjes, oft se skoalgeande bern hawwe of net. De minsken sûnder baan – en mei eigen wurk – soene sa moai oan fakânsjesprieding dwaan kinne, mar dêr komt neat fan op ’e hispel. Of se moatte har oeral út werom lûke of gearkomsten en repetysjes fersomje. Dêr bin ik noch net oan ta en dat leit my ek net.

Ofrûne wike wie it hjerstfakânsje. Wy wiene heal en heal fan doel en gean derop út, mar fanwegen sykte yn de famylje hiene wy mar gjin ôfspraken makke. Wy soene wol sjen hoe’t it komme soe. Doe kaam der in telefoantsje fan myn suster yn Utert. Dy hie in húske hierd, yn Fryslân. Oft wy by har kamen. Wy koene ek wol ien of mear nachten bliuwe. Myn man sei: “Ik bring dy wol en ik wol dy ek wol helje, mar lit my dan mar wer nei hûs ta gean. Dan hawwe jimme moai it ryk tegearre.” Dat like my ek wol goed ta. Myn man rêdt him wol; om him hoech ik net thús te bliuwen.

It wie och sa gesellich. Myn suster is nochal wat jonger as ik. Se is ek learares, mar dan yn it fuortset ûnderwiis, dêr’t se Ingelsk jout. Wy kinne it goed pratende hâlde. Ik hie de fyts mei, hiene wy ôfpraat, mar it wie ús te kâld om út fytsen te gean. Wy hawwe út riden west en hjir en dêr wat besjoen.

Woansdei hawwe wy nei it Planetarium fan Eise Eisinga west. Myn suster hie it noch nea sjoen en ik nei de restauraasje fan in jier of tolve lyn ek net wer. It wie dêr smoardrok! In soad húshâldings mei jonge bern. Ek nochal wat skoalbern dy’t mei pake en beppe wiene. Doe’t wy betelle hiene, moasten wy eefkes wachtsje oant der wer genôch foar in groepsútlis wiene. Al gau waard omroppen dat wy oan bar wiene. De húskeamer rûn fol. De grutte minsken koene sitte, mar in soad bern moasten stean. De frou dy’t de útlis joech ferstie de keunst om har ferhaal sa te hâlden dat se de bern oanspriek en fragen stelde en ûnderwilens ek foar de grutten nijsgjirrich genôch wie. Wat witte guon bern al in soad. Doe’t ik sa âld wie, wist ik neffens my noch neat fan planeten en sa. Ik tink dat de útlis sa’n tweintich minuten duorre. Dêrnei koene wysels it hiele kompleks besjen. Foarhinne wie it mar in lyts gefal, mar it is gâns grutter wurden no’t it hûs dernjonken derby lutsen is. Der is hiel wat te besjen, ek attributen dy’t Eisinga sels nea sjoen hat! Underwilens binne ek filmbylden te sjen en boppe is in filmseale mei it hiele ferhaal. O sa de muoite wurdich. Dêrnei hawwe wy yn it planetariumkafee noch efkes wat dronken. In moaie attraksje foar Frjentsjer.

Tongersdeitejûn hat myn suster my wer thúsbrocht. Freed wie it prachtich waar om yn de tún oan ’e gong. Al mei al, alhoewol’t ik gjin fakânsje mear krij, haw ik sa dochs noch in pear moaie knyntsjedagen hân.

Geiske Terpstra

oktober 25, 2009 11:38
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.