Eareprofessoraat foar De Boer

oktober 31, 2009 22:10

Moandei 26 oktober 2009 – Op de grifformearde teologyske fakulteit yn Sarospatak (Hongarije) is ferline wike tongersdei in eareprofessoraat útrikt oan de Nederlanner Prof.Dr. Erik A. de Boer, bysûnder heechlearaar skiednis fan de Reformaasje oan de Vrije Universiteit yn Amsterdam. Hy ûntfong de ûnderskieding fanwege syn útjefte fan “Calvijns preken over Ezechiël”.

Dit jier is de betinking fan it fiifhûndertste bertejier fan dizze tsjerkherfoarmer en it hûndertste bertejier fan de Hongaarske theolooch Dr. Barnabas Nagy, fan waans wurk Dr. de Boer by it skriuwen gebrûk makke. Ek de Amerikaanske theolooch Prof.Dr. John Hesselink út it stedsje Holland yn de Feriene Steaten, krige in eareprofessoraat.

De fakulteit fan Sarospatak is ien fan de fjouwer opliedingsplakken fan de Hongaarske Grifformearde Tsjerke. Dy stamt út 1531 en ûntjoech him al gau yn kalvinistyske rjochting. Yn 1991 waard de fakulteit op ’e nij iepene, neidat dy ûnder it kommunistyske bewâld sletten west hie.

oktober 31, 2009 22:10
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.