Duorsum

oktober 18, 2009 10:32

Doe’t ús bern op keamers gongen, hawwe wy wol gauris yn ‘kringloopwinkels’ omtoarke. Dat kaam ús doe goed út want studearjende bern kostje hannenfol jild. No komme wy dêr selden. Sels soe ik noch wolris wat omsneupe wolle, mar myn man hat der in gloeienden hekel oan, dat it komt der net mear fan. “Wy hawwe gjin ferlet fan in oar syn âlde rommel”, seit er en dêr hat er wol gelyk oan. Us hûs stiet fol genôch. It prinsipe kin wy ús goed yn fine, mar wy sille der earder wat hinne bringe as wei helje. Dat ynbringen hat der tsjintwurdich wol oan, lies ik yn de krante. De resesje makket dat de minsken minder gau wat wei dogge as wol west hat. Spitich foar de lju fan de sirkelgong, mar op himsels is dat goed fansels, want it prinsipe is itselde. Wat makket it út, oft wy ús guod sels wat langer brûke of dat in oar dat mei ús healsliten guod docht?

Ik wie noch mar sa’n grutfanke doe’t ús mem-en-dy in bankstel kochten. Der moasten wat stuollen fuort want oars koe it net yn ’e keamer. Dy stuollen hie in oar ek gjin ferlet fan, dat ús heit hat se fyn slein. Frijwat jierren letter hearden wy praat oer miljeu en miljeufreonlikens. Minsken dy’t it goed mei de ierde en de takomst fan wa’t nei ús komme foarhiene, gongen tekear tsjin de smyt-mar-weikultuer dy’t opkommen wie. Underwilens  liket it wol oft oaren, dy’t harren mear om wurkgelegenheid en ynkommen bekroadzje, alle war dogge om produkten te meitsjen en te fersprieden dy’t leafst sa gau mooglik wer ferfongen wurde moatte. Ik sil net sizze dat it allegearre fan ûnnut is; in part is yn it belang fan ús sûnens. Mar it kin te mâl!

By ús thús hiene se in smoarchguodamer. It wurd seit krekt wêr’t er foar bedoeld wie. Oaren hiene in jiskefet. Sokke dingen waarden ien kear wyks lege. De ynhâld bedarre op ’e dwinger of it jiskelân, kaam op ’e dongbult telâne of waard bedobbe. Nei in koarte sirkelgong kaam it wer yn it miljeu. Wy hawwe no yn de keamer in krantekoer en yn de keuken in papierkuorke en in ôffalkontenerke. De skilen en it grienteôffal geane yn it ierappelskilerskuorke en komme streekrjocht yn de griene kontener. Ik besau my der lykwols oer hoe faak as ik mei it papierkuorke nei de grize kontener moat. Yn it begjin fan ús trouwen wie dat ien kear yn ’e wike, mar tsjinstwurdich kin it soms mei ien kear deis al net mear ta, wylst wy no ek mar wer tegearre binne. Myn man moat him ek hieltyd faker oer de krantekoer ûntfermje. Dat komt foaral troch dy foldertroep. Dêr sille wy trouwens mei in plakker op de brievebus ús maatregels tsjin nimme.

Al dat fersmoargjen dat dêrút fuortkomt of ‑komme kin, hat al tiden it omtinken fan de oerheid. Wurden as duorsum en duorsumens binne tige yn ’e moade. Untwikkelders en beliedsmakkers hawwe yn ’e rekken krige dat se, as se har útfynsten en plannen kâns fan slagjen jaan wolle, dy wurden brûke moatte. Duorsum begjint sa stadichoan in nije betsjutting te krijen. As ik wat duorsums keapje, ferwachtsje ik dat ik der lang mei ta kin. Mar wat te tinken fan duorsum iten? Bedjert dat net sa gau? In útfeartorganisaasje makke al reklame foar duorsum begraven. Wat moat ik my dêrby foarstelle? Binne it gjin dogeneaten dy’t ús sa by it hert pakke wolle?

Aldergeloks sitte der yn de Steaten fan Fryslân in pear folksfertsjintwurdigers dy’t it troch hawwe. Nei oanlieding fan de begrutting foar takomme jier woene se witte wat mei de taljochting bedoeld waard dat de sekretariële stipe fan de Kommissaris duorsum is. De deputearren wisten it net, al leine se der nochris de klam op dat harren belied op duorsumens rjochte is. Soene se wier it antwurd net witten hawwe of heart it yn beskerming nimmen fan harren amtners ek ta it duorsum belied?

Geiske Terpstra

oktober 18, 2009 10:32
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Jabik oktober 23, 15:19

    Sa is’t mar krekt. It wurd rekket aardich fersliten, krektsa as biologysk.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.