De huningbij wurdt stipe
Resint ferskynd
Minsken meitsje harren soargen oer de bij. Dat blykt út in petysje dy’t al troch mear as 36.000 minsken tekene is. De inisjatyfnimmers fan de petysje binne bliid mei dit resultaat mar hoopje op noch mear stipers. Sy wolle dat der in ein oan bepaalde ynsektisiden komt. In groep bestridingsmiddels soe ferantwurdlik wêze foar de dea fan dizze ynsekten.
De petysje giet nei de Twadde Keamer en it kabinet. Natuerbehearder Jaap Molenaar, ymker Peter Slootweg en Wittenskipper Jeroen van der Sluijs fan de Universiteit Utert binne de inisjatyfnimmers.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje