CNN en TG4 nei Liet Ynternasjonaal

oktober 23, 2009 11:09

In soad bûtenlânske media nei alternatyf Eurovisy yn Ljouwert



In wike foar Liet International (Liet Ynternasjonaal) begjint de sjongfestivalkoarts yn de Fryske haadstêd ta te nimmen. Liet Ynternasjonaal is it sjongfestival foar it bêste nije liet yn in Europeeske minderheidstaal. Sjonge yn it Ingelsk is by Liet ferbean. Yn stee dêrfan wurdt dit jier songen yn it Asturysk, Frysk, Friulysk, Gaelic, Karelysk, Latgalysk, Platdútsk, Oksitaansk, Sami en Sardysk. De dielnimmers oan Liet International binne selektearre op sjongfestivals yn eigen lân of troch in ûnôfhinklike sjuery, wêrtroch’t de kwaliteit op Liet Ynternasjonaal trochstrings heech is. Liet Ynternasjonaal strykt nei twa edysjes yn Sweedsk Laplân foar it earst sûnt 2004 wer yn Ljouwert del.

Opfallende dielnemers oan Liet International fan dit jier binne:

* Fiach. In nijsgjirrige jonge rocker út Dublin. Fiach presintearret op 29 oktober syn earste cd yn de Ierske haadstêd. Hy wurdt op syn reis folge troch in kameraploech fan de Ierske tv-stjoerder TG4. Fiach wûn yn juny it Keltyske sjongfestival Nos Ur yn Inverness, Skotlân. 



* Lino Straulino is dè troubadour fan Friulië yn Noard-Italië. Straulino is in beskieden man mei in gefoelige, wat heaze, stim, dy’t al tsien cd’s fol song mei prachtige ballades en protestlieten op faak poëtyske en humoristyske teksten. In grutte namme yn Noardeast-Italië, mar dêrbûten amper bekend. Straulino stapt net graach yn in fleantúch en komt dêrom mei de auto nei Liet International. 



* SomBy is in Sami rockband út Finsk Laplân, fan fier boppe de poalsirkel. SomBy wûn earder de Sami Grand Prix yn Kautokeino en kwalifisearre him dêrmei oertsjûgjend foar Liet International. SomBy bestiet foar it grutste part út kleurrike en gákti klaaide jongfammen. Net al te lang lyn waard de band fersterke mei in pear jongkeardels, dy’t har op it poadium ek yn gákti stekke.

* De fofftig Penns komme fan Berlyn en jilde as íen fan de meast ferrassende nijkommers fan it dochs al tige rike popfrontt yn de Dútse haadstêd. De fofftig Penns rappe yn it Platdúts, in taal dy’t folle mear op it Nederlânsk liket as de taal fan Derrick. In wichtige boarne fan ynspiraasje foar De 50 Penns is, njonken 50 cents, de Nederlânske band De jeugd van tegenwoordig.
* Zine is in opfallende Oksitaanske sjongeres út Nice yn Súd-Frankryk. Zine sjongt yn it Nissart, de pleatslike fariant fan het Oksitaansk en hat in folslein eigen lûd. Se kombinearret de dûnsmuzyk út de jonge jierren fan har pake en beppe mei eigentiidske elektroanyske ynfloeden en kombinearret har muzyk mei in folslein eigen en bytiden wat klowneske poadiumpresintaasje.

* De oare dielnimmers oan Liet International fan dit jier binne It Langstme en de Dea, de winner fan it Fryske sjongfestival Liet, de Latgalyske band Sovvalniks út Letlân, folkband Sattuma út Karelië yn Ruslân, Sunrise not secular, in jonge Gaelic rockband fan it Skotse eilân Lewis, Dr. Drer en CRC Posse, in Sardyske rapband en de Asturyske sjonger Alfredo Gonzalez. 



CNN International hat de organisaasje fan it sjongfestival al witte litten dat in kameraploech fan harren nije wike út Londen wei nei Fryslân reizget foar in feature-reportaazje, dy’t likegoed op de CNN-website as op CNN-televyzje te sjen wêze sil. CNN-ferslachjouwer Simon Hooper neamt it evenemint no al ‘very interesting’. En CNN is net de iennichste bûtenlânske mediafertsjintwurdiger op Liet Ynternasjonaal. De Ierske dielnimmer Fiach wurdt op syn reis folge troch in kamerateam fan de Ierske tv-stjoerder TG4. Fierder wurdt it sjongfestival bywenne troch meiwurkers fan de Sweedske radio, Sámiradio en Radio Ostfriesland yn Dútslân. De publike omrop fan Asturias yn it noarden fan Spanje sil Liet International, mei logistike help fan Omrop Fryslân, sels live op de radio hearre litte. Omrop Fryslân is sels fansels ek fan de partij en sil Liet Ynternasjonaal yntegraal registrearje foar radio en televyzje. De Fryske omrop sil it sjongfestival útstjoere yn de krystfakânsje en earder ek al hichtepunten sjen litte yn de programma’s Hjoed en K-rûte.

De Ried fan Europa is der by


Liet International hat tradisjoneel twa prizen; in sjuerypriis en in publykspriis. Foar de publykspriis kin op sneon 31 oktober fuortendaliks nei it konkoers stimd wurde. Yn it teater kin dat op papier en on-line op ús fernijde website www.liet.nl . De band dy’t de measte stimmen garret wint de publykspriis. Dizze priis wurdt útrikt troch de Russyske jurist Alexey Kozhemyakov fan de Ried fan Europa yn Straatsburch. Kozhemyakov is yn Straatsburch haad fan it buro fan it Hânfêst foar Regionale en minderheidstalen en is yn dy funksje tige belutsen by de promoasje fan minderheidstalen. De Ried fan Europa sponsert Liet International sûnt 2008. De winner fan de publykspriis wint in bedrach fan 1.000 euro.

 

De sjuerypriis: in útnoeging foar Befrijingsfestival Fryslân!


De sjuerypriis wurdt takend troch alve sjueryleden ûnder foarsitterskip fan Liet-bestjoerslid en muzikant Frits Sieswerda. Alle dielnimmende regio’s stjoere in sjuerylid nei Fryslân, dy’t útsoarte net op de eigen band stimme mei. De punten wurde sjuerylid foar sjuerylid op it poadium bekend makke. De haadpriis wurdt dit jier útrikt troch deputearre Jannewietske de Vries fan kultuer. De haadpriis bestiet út twa eleminten. Njonken in kreaze trofee krijt de winner ek in útnoeging om in optreden te fersoargjen op Befrijingsfestival Fryslân op 5 maaie 2010 te Ljouwert. Stichting Liet International is tige ynnommen mei dizze nije priis. “Muzikanten wolle graach spylje, yn alle gefallen op festivals dêr’t in soad minsken komme. Troch de útnoeging foar 5 maaie is de winner fuortendaliks wis fan in twadde trip nei Fryslân en kinne se fierder bouwe oan harren eigen bekendheid”, seit sjueryfoarsitter Frits Sieswerda. Hy is dan ek goed te sprekken oer de gearwurking mei it Befrijingsfestival, dat dizze nije priis mooglik makket. It Befrijingsfestival belibbet yn 2010 in bysûndere edysje, omdat it dan 65 jier lyn is dat Nederlân befrijd waard.



Reservearje kaarten foar Liet International
Liet International wurdt – fansels – hâlden yn de grutte seal fan De Harmonie en is noch net útferkocht. Mar omdat de kaartferkeap yn de lêste dagen faak hurd giet advisearje we alle leafhawwers om yn ‘t foar in kaartsje te heljen by De Harmonie of on-line te reservearjen. Op www.liet.nl wurdt krekt útlein hoe’t dat it bêste dien wurde kin.

Sjoch foar mear ynformaasje op: www.liet.nl of www.myspace.com/lietinternational

oktober 23, 2009 11:09
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.