Boekpresintaasje: de Hobbit

oktober 6, 2009 19:37

It tiidleaze mearke fan Bilbo Balsma ‘De Hobbit’ is oerset. It is de prolooch fan de ferneamde The Lord of the Rings trilogy. It ferhaal oer de lytse hobbit ferskynde yn 1937 en wie skreaun troch de Brit John Ronald Reuel Tolkien. It wie it earste grutte proazawurk fan Tolkien en fuort in sukses. It wie ek it earste fantasy-boek foar it grutte publyk. Hjoed-de-dei is ‘De Hobbit’ in klassyk berneboek foar folwoeksenen. It is yn 2002 ferkeazen ta it wichtichste boek foar (âldere) jongerein yn de 20e ieu, en is oant no ta yn sa likernôch fyftich talen oerset.

It tiidleaze mearke fan Bilbo Balsma, in fatsoenlike hobbit dy’t ynbrekker wurdt en yn sân hasten mei trettjin dwergen en de tsjoender Gandalf op paad moat om in legindaryske dwergeskat ûnder de wjukken fan in grimmitige draak wei te stellen. Under de lange reis nei de Berch fan de Draak komt it selskip troch bergen en bosken, oer richels en rivieren. Hja befjochtsje trollen, ierdmannen, spinnen en wolven yn ’e mande mei elven, minsken, earnen en bearen. En fansels mei help fan de magyske Ring, dêr’t Bilbo mei de lilkaardige Gollum in fûle striid om útfjochtet.

Tolkien studearre earst klassike talen en letter Ingelsk. Hy studearre ôf yn 1915. Yn de Earste Wrâldkriich moast er as luitenant nei it front yn Frankryk. Nei de kriich gie er foar de Oxford English Dictionary oan it wurk. Hy publisearre akademysk wurk, bygelyks stikken oer it ier-midsieuske gedicht Beowulf. Yn de earste helte fan de tritiger jierren begûn er mei it skriuwen fan ‘De Hobbit’ en ‘Yn ’e ban fan de ring’.

Anne Tjerk Popkema (Burgum, 1975) studearre Frysk yn Ljouwert en Grins. Nei in skoftlang as frisist yn Kiel wurke te hawwen, begûn er as taalûndersiker en oersetter yn 2008 mei Taalburo Popkema. Popkema hie earder al wurk oerset fan Walter Benjamin (‘Ik pak myn bibleteek út’, 2004) en fan Elias Canetti (‘De Harksizzer’, 2007). No hat er foar ‘De Hobbit’ keazen om it oan syn bern yn it Frysk foarlêze te kinnen. Op dit stuit wennet en wurket Anne Popkema yn Grins.

Op woansdei 7 oktober sil ‘De Hobbit’ presintearre wurde yn berneboekewinkel ‘De Toverlantaarn’, op de Kelders 25 yn Ljouwert. De tiden binne 14.00, 15.00 en 16.00 oere.

De Hobbit, ISBN 9789089541123, Utjouwerij Elikser, 331 siden

oktober 6, 2009 19:37
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.