Belje-my-net Register

oktober 23, 2009 11:02

It Belje-my-net Register is al skoftke online. Dochs binne de steurende tillefoantsjes net samar oer. It kin seis wike duorje foardat sok beljen werklik ophâldt. Wurde jo dêrnei wol belle, dan kinne jo in klacht by it konsumintebûn yntsjinje. Bedriuwen binne ferplicht om jo op it Belje-my-net Register attint te meitsjen. Dat moat oan ‘e ein fan it petear barre.

Trije korrespondinten fan itnijs hawwe it Belje-my-net Register tekene. Fan dy trije binne sûnt it ûndertekenjen twa noch wol troch in bedriuw lestich fallen, al wie deiblêd Trouw hiel fatsoenlik en mankearre der neat oan it petear. Oan ‘e ein fan it petear waard op it register attindearre. Dus yn dat opsicht in dikke tomme omheech foar Trouw.

Wy binne benijd oft jo noch hinderlik belle wurde oft it beljende bedriuw jo ek op it Belje-my-net Register wiist.

https://www.bel-me-niet.nl/ 

oktober 23, 2009 11:02
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.