Bank ‘fakânsje’ ?

oktober 20, 2009 09:36

Steane de problemen mei de West-Fryske DSB-bank (Wognum) op himsels, of is dit de foarboade fan mear en noch folle gruttere bankswierrichheden, dy’t mooglik sels ta it omfallen fan it finansjele systeem liede kinne sa’t wy dat hjoed-dei-dei kenne? It mei dúdlik wêze dat it betrouwen yn ‘e finansjele sektor no ek te uzes in grutte knau krigen hat. It begûn earst yn Amearika mei de kredytkrisis, dêr’t tsientallen banken troch ‘omfoelen’. En hoe giet it no fierder? De foartekens binne net geunstich. Sis mar striemin.
As wy nei datselde Amearika sjogge, dan binne der ôfgryslike begruttingstekoarten, dy’t neffens my sûnder in mega-omfoarming fan it systeem net mear op te lossen binne. Yntusken krijt it betrouwen yn de dollar klap op klap. Tal fan steaten binne net mear fan doel om de dollar te brûken. Op in dei sil de dollar ‘falle’. Yn dit artikel stiet hiel dúdlik werjûn wat der feitlik oan ‘e hân is. It fûnemint is siik. It saneamde ‘garânsjestelsel’ dat garandearret dat jo maksimaal € 100.000 fan jo sparjild de bank weromkrije kinne, kin in saneamde ‘bankrun’ net foarkomme. It is net de fraach òft it finansjele systeem yn elkoar klapt, mar wannear. Guon tinke dat it oer 8 dagen heve sil (dws om 25 oktober hinne). Yn dat gefal hawwe wy dan in saneamde ‘bankholiday’ oftewol in ‘bank fakânsje’. Dat jo, om by it begjin werom te kommen, lykas by de DSB-bank, net mear by jo jild komme kinne fan watfoar bank dan ek. Oft dat útkomme sil wit ik net. Wol dat wy warskôge binne.

Skreaun troch Sybren Posthumus.

oktober 20, 2009 09:36
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.