32 nije eksoplaneten ûntdutsen
Resint ferskynd
- Britten lilk oer omseagjen ferneamde ‘Robin Hood-beam’ 0
- Provinsje stipet sjonger Joost Klein om nei Eurofyzje Sjongfestival 0
- Eland yn Stockholm deasketten nei blokkearjen metro 0
- ‘Etyske ynbraak’ lit sjen dat Siuwsk provinsjehûs net goed befeilige is 0
- IG Nobelpriis foar ûndersyk nei landerige studinten 1
Der binne 32 nije eksoplaneten ûntdutsen, mei help fan in spesjaal ynstrumint op ien fan de grutste teleskopen fan de wrâld yn Sily. Troch dizze waarnimming giet it tal bekende eksoplaneten mei 30 persint omheech.
De ûntdekking is moandei bekend makke troch de Nederlânske Undersykskoalle foar Astronomy (NOVA). In eksoplaneet is in planeet bûten ús sinnestelsel dy’t om syn eigen sinne draait. De eksoplaneten dy’t ûntdutsen binne, besteane ûnder oare út superierden (trochinoar fiif kear sa grut as ús ierde), en reuzeplaneten (gasbollen, lykas Jupiter, neamd).
De planeten binne ûntdutsen mei de HARPS, in uterst yntelligint ynstrumint, dat bekend stiet as de wichtichste eksoplanetejager fan de wrâld.
It apparaat is yn steat om skommelingen fan stjerren te mjitten, troch lytse feroarings yn de faasje dêr’t se mei troch it hielal bewege, te detektearjen. Eksoplaneten kinne troch harren swiertekrêft skommelingen fan stjerren feroarsaakje.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje