Ynvaazje fan Hynstebiters

septimber 2, 2009 17:16

 

Alle jierren om dizze tiid is der wer in ynvaazje fan hynstebiters te ferwachtsjen.

Hynstebiters? Ja hynstebiters … yn it Nederlânsk “Paardenbijter” en dat is dan in soarte libel. Lykwols … hynstebiter is ek de sammelnamme fan alle libellen, mar hjir giet it oer de soart Hynstebiter. Yn Nederlân kin men sa’n 75 soarten libellen oantreffe en dizze soart komt foaral út it easten wei. Yn it easten lizze fêst goeie puollen en wetters dêr’t dizze libel him ûntwikkelje kin en dan swaarmet dizze soart mei miljoenen út oer Nederlân. De Hynstebiter fynt men dan midden yn de stêd, rûnom de Aldehou, by jim yn de achtertún, yn it iepen fjild, yn ‘e neite fan wetterkes en dan altyd mei meardere by elkoar. Sjocht men in groepke gruttere libellen yn dizze tiid, dan is dat dus grif de Hynstebiter. Sa’n 6 sm. grut, in mantsje mei blauwe smetten op it achterliif en it wyfke mei in brunich achterein. En wolst de libel better besjen, sykje dan ris op beammetûkjes yn de sinne, want fakentiids waarmje se har dêr op.  Rin der rêstich op ta, lit dyn skaad net op de libel falle en dan kinst wol op 15 sm. ôfstân komme.  Healwei septimber (en as it moai waar bliuwt noch wat letter) is it measte wer dien. Se stjerre en as se dan fan tefoaren aaikes ôfsetten ha yn it wetter fan jim fiver, de sleat om jim hûs of yn de puoltsjes fan de Wyldemerk, dan hat it goed west. It oare jier komt der in nije generaasje, folge troch in nije ynvaazje út it easten wei.

septimber 2, 2009 17:16
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.