Elektrysk autoriden kriget foarm

septimber 13, 2009 19:17

Under oanfiering fan Enexis, de fan Essent ôfsplitste netwurkbehearder, begjinne de Nederlânske netwurkbehearders meielkoar fan 1 oktober ôf de stichting E-Laad, dy’t yn de kommende trije jier soargje moat foar de oanlis fan in ynfrastruktuer foar it elektrysk autoriden. Yn dy perioade wol de stichting tsientûzen oplaadpunten op iepenbiere parkearplakken delsette. It tal sil ôfhingje fan it tal elektryske auto’s dat der komt.

Foar it brûken fan de oplaadpunten sil E-Laad yn earste ynstânsje in saneamd ‘flatfee’ taryf yn rekken bringe. Foar dat fêste bedrach kin de brûker by alle oplaadpunten terjochte. It úteinlike doel is om eltse kilowattoere ôf te rekkenjen, mar de ynfiering dêrfan is noch net klear. Dêrom wurdt begûn mei in fêst perioadyk bedrach.

Op 1 oktober sil de stichting E-Laad mei mear details foar it ljocht komme.

Boarne: Technisch Weekblad

septimber 13, 2009 19:17
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.