Wilders’ Grutte Himmeljen

septimber 27, 2009 19:25

Kollum fan Eduard Nazarski, direkteur fan Amnesty International Nederland

It útstel fan Geert Wilders om tenei belêsting te heffen op it dragen fan holdoekjes yn de iepenbiere romte waard okkerdeis troch in minderheid fan it Nederlânske parlemint fuortendaliks kwalifisearre as in ûnsinnich en ûnseedlik idee. Mar in parlemintêre mearderheid negearre it útstel. Holdoekjewurgens?

Der falt wol wat te sizzen foar it negearjen fan dit en soartgelikense útstellen. In serieus parlemintslid mijt ûnberette útstellen. Ek dy’t út de eigen rûnte komme. Oan de oare kant sil in parlemintariër dy’t wach is, it gefaar bestride foardat it te let is. Ek yn syn eigen hûs.

It optreedzjen fan Keamerlid Wilders gyng koartlyn net foar de safolste kear oer holdoekjes. Yn it ‘hûs fan de demokratyske rjochtssteat’, dêr ’t yn earste en lêste ynstânsje it Nederlânske grûnwetlike systeem ferdigene wurde moat, spruts hy – ien fan de politike foaroanmannen – oer “kopfodden” en de needsaak fan in “grut himmeljen fan ús strjitten” wylst er it oer minsken hie. Boargers en ynwenners fan Nederlân. De taal fan de hate (Wilders is de kopfodden sa sêd as spuid spek en hy wol de strjitte ‘werombefjochtsje’) folle sûnder skruten de wichtichste keamer fan ús rjochtssteat. En fia kranten radio, televisy en ynternet yn omtrint alle keamers yn ús lân. It Keamerlid Wilders iepene demonstratyf de doar nei ferbaal geweld tsjin in Nederlânske befolkingsgroep.

As de iepenbiere romte skjinmakke wurde moat fan minsken waans sabeare wandied it dragen fan in ‘kopfodde’ is, dan loert nei it ferbale geweld it fisike geweld fansels om alle hoeken. As dat him iepenbierret, sil de kopfoddeman foar de suvering fan it strjitbyld gjin ferantwurdlikheid nimme. Hy sil him ferwarre mei te sizzen dat er it net oer minsken hie, mar oer harren klean. Hy sil nochris sizze dat er de froulju mei holdoekjes fan har ûnderdrukking frij meitsje woe. Werom’t er harren dan sa beledigjend as kopfoddedraachsters útmeitsje moast ? Wa sil it sizze; mar fansels net om oan te setten ta geweld. De kopfoddeman hâldt grif net fan geweld. Wa wol.  As it sa fier komt, sil hy der distânsje fan nimme, mar hy sil faaks wol ferguodlikjend sizze: dat komt derfan as it kabinet dy fodden net gewoan ferbiedt of belêstet. Want fersmoargjend binne se fansels wol.

Nee, ta geweld sil hy grif net oproppe, net oansette en hy sil it net ferdigenje. Foar mei geweld ôfskuorde holdoekjes sil er faaks ek gjin kopjild útkeare. Mar oan de apology fan antykopfoddegeweld begûn er okkerdeis wol publyklik te skriuwen. De swijende parlemintêre mearderheid roffele heechút wat op de parlemintêre taffeltsjes  by de hoaske protesten fan de minister-presidint. It is de fraach oft de mearderheid fan de folksfertsjintwurdigers it noch lang dêr by litte kin no’t fan it parlemintêre sprekstuolte it haatsiedzjen sa like trochsichtich as grouwélich ferguodlike wurdt.

septimber 27, 2009 19:25
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Jabik oktober 3, 13:26

    Soe it net it bêste wêze om earst marris mei in hummeldei yn dy saneamde Keamer fan de Demokrasy te begjinnen. As earsten soene Wilders en syn kornuten har mûle útspiele kinne. Umder it mom fan “it folk kriget syn strjitte werom” roppe se geasten op dy’t se sels net yn de hân hâlde kinne. Bewarje ús der foar dat “it folk” it te sizzen kriget oer de strjitte. Folksgerjochten ha nea útblonken yn rjochtfeardigens. Under dy flagge binne inkelingen en groepen ûnskuldich feroardiele en is haqr it libben soer makke en noch slimmer. Sjoch nei it Bibelske ferhaal fan de rop ta it krúsjen fan Jezus. As it folke it foar it sizzen kriget hearsket de gaos op’e nij. It folk is de groep dy’t it tinken út gemaksucht oan Wilders en syn maten oerlit en sels neat ynbringe kin yn dat “moaie gedachteguod” omdat Wilders syn PVV mar twa leden ha wol: hysels en syn stifting dêr’t hy it ienichste bestjoerslid fan is. Hoe sa: it folk sil it foar it sizzen ha?

  2. Weakenvedge-online desimber 11, 18:06

    wat ik zocht, bedankt

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.