Wannear ite?

septimber 18, 2009 15:18

By it iten is net allinnich fan belang hoefolle kaloryen deryn sitte, mar ek op hokker tiid fan de dei iten wurdt. Undersikers fan Northwestern University yn Illinois lieten in groep mûzen nachts ite, wylst in oare groep kjifdieren (knaagdieren) op normale tiden syn iten krige. De bisten fan beide groepen krigen likefolle foer en lichemsbeweging. Mûzen út de earste groep groeiden lykwols twa kear safolle as de mûzen dy’t op gewoane tiden har iten krigen. Dêrút makken de wittenskippers op dat net alle tiden fan de dei like gaadlik binne foar it miel. Faaks is it yn de striid tsjin it te swier wurden in goed ding as minsken harren bewuster binne fan de tiid dêr’t se op ite.

 Boarne: ConsuMed

septimber 18, 2009 15:18
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.