Twa nije bestjoersleden Fryske Beweging
Resint ferskynd
De Ried fan de Fryske Beweging (RfdFB) is de belange-organisaasje foar minsken dy’t wiis binne mei Fryslân en har ynsette foar mear romte foar it Frysk en de Fryske kultuer. De Ried is in ûnôfhinklike frijwilligersorganisaasje as koepel fan 12 oansletten organisaasjes en goed 500 stipers (donateurs).
Wy binne op syk nei:
twa bestjoersleden (f/m)
In bestjoerslid is thús op ien of mear terreinen dêr’t de RfdFB him mei dwaande hâldt. Op dit stuit is ferlet fan guon dy’t thús binne yn a) juridyske saken en/of b) it bedriuwslibben. Benammen froulju binne wolkom.
De Ried fan de Fryske Beweging:
• hat in aktive en entûsjaste groep bestjoerders
• hat in grut ferskaat oan nijsgjirrige aktiviteiten
• bringt jo yn ’e kunde mei in breed skala oan Fryske kulturele en maatskiplike organisaasjes
Foar mear ynformaasje kinne jo belje nei: (0515) 55 95 97 of (0513) 85 06 56
Sprekt it jo oan, stjoer dan jo brief of e-post nei:
Ried fan de Fryske Beweging
de hear J. van der Bij, foarsitter
Keetwaltsje 1
8921 EV Ljouwert
ynfo@fryskebeweging.nl
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje