TU Delft boarret nei waarmte
Resint ferskynd
De TU Delft hat in opspoaringsfergunning krigen om yn in gebiet fan sechstich kilometer om de universiteit hinne nei ierdwaarmte yn de foarm fan hjit wetter, dat op in djipte fan twa kilometer sit, te sykjen. It is de earste fan in rige fergunningen dy’t wier it brûken fan ierdwaarmte mooglik meitsje, sadat de kampus nei in skoft klimaatneutraal ferwaarme wurde kin. “Us doel is om mids takomme jier te boarjen”, seit projektlieder Ad Winkels fan de TU.
Yn it projekt binne ek twa túnkers út Pijnacker behelle, dy’t ierdwaarmte brûke wolle om kassen te ferwaarmjen. Sy binne al in hiel ein foarút mei har tariedingen.
Oan it projekt is ek ûndersyk keppele om de kennis oer it brûken fan ierdwaarmte te fergrutsjen.
Boarne: Technisch Weekblad
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje