Tresoar iepenet Gysbert-seal
Resint ferskynd
It Frysk Histoarysk en Letterkundich Sintrum Tresoar krijt in permaninte multy-mediale presintaasjeromte fan de Fryske literatuer. Dy komt yn de fernijde Gysbert Japicx-seal. De presintaasjeromte wurdt op sneon 12 septimber iepene, by gelegenheid fan de fiering fan it 50-jierrich bestean fan de Stifting FLMD, ien fan de fúzjepartners fan Tresoar.
Tresoar naam it inisjatyf ta ferbouwing fan de Gysbert Japicx-seal om de winners fan de Gysbert Japicx-priis en harren portretten mear foar it fuotljocht te krijen. De seal, dy’t ynrjochte is as in spannende museale romte, toant de portretten fan de winners, skildere troch ferneamde keunstners as Sjoerd de Vries en Douwe Elias.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje