Koornbeurs in twatalige webside

septimber 17, 2009 15:26

Fan woansdei 16 septimber ôf is de webside fan Theater de Koornbeurs yn Frjentsjer ek yn it Frysk te bewûnderjen. It is dêrmei it earste Fryske theater dêr’t sawol yn de Nederlânske as yn de Fryske taal achtergrûnynformaasje oer de theaterfoarstellingen fan op de webside te finen is. It theater hat dêr in lange gearwurking mei de Afûk út Ljouwert foar oangien. De Afûk sil de trochstrings yn it Nederlânsk oanlevere teksten foar har rekken nimme.

Theater de Koornbeurs is it húskeamertheater fan Fryslân en wol mear oanslute by de Fryske kultuer. De taal makket dêr in wichtich ûnderdiel fan út. It theater hopet hjir in nije doelgroep mei oan te sprekken en in bydrage te leverjen oan it befoarderjen fan de Fryske taal.

septimber 17, 2009 15:26
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Jaap septimber 17, 19:41

    Hulde!
    Samar yn ien wike twa berjochten fan hiemsiden dy’t it Frysk in fêst plak jouwe. Earst fuotbalklub v v sds yn Easterein en no de Koarnbeurs yn Frjentsjer. As it yn dit tempo trochgiet dan komt it noch wol goed mei it Frysk. Jaap.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.