Ter Horst is lilk

septimber 9, 2009 20:09

Neffens minister Ter Horst jout de Provinsje tefolle jild foar in besite oan New York út. Dy besite wurdt brocht omdat it fjouwerhûndert jier lyn is dat de Steaten fan Fryslân de ûnôfhinklikheid fan de Feriene Steaten erkenden. Fryslân wie dêr ien fan de earsten mei. Ter Horst berekkenet dat Fryslân foar it reiske 337.000 euro útjout. Santjin Fryske bestjoerders en amtners binne in wike lang yn de Amerikaanske stêd. Ter Horst fynt dat bestjoerders yn dizze tiid fan finansjele krapte net ûnnedich jild weismite moatte.

Kommissaris Jorritsma hat yn reaksje dêrop in lilke brief nei premier Balkenende stjoerd. Hy is it der net mei iens dat de minister de rekkensom sa útleit. De trije ton bestiet net allinnich út de kosten foar de minsken dy’t derhinne binne. Dat is neffens him mar 10 persint fan it gehiel. De rest is ornearre foar in presintaasje fan Oerol en foar fjirtjin bedriuwen dy’t harren yn New York fêstigje.

septimber 9, 2009 20:09
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.