Sutelaksje set út ein

septimber 5, 2009 10:23

Mei barstend geweld en jankende sirenes draait de ûnbidige giele brânwachtauto fan de Ljouwert fleanbasis it plein foar it gemeentehûs yn Stiens op. Dêr foeget er him by de lytsere reade broer fan de brânwacht fan Ljouwerteradiel. Wêr is de brân? Gelokkich nearne. De weinen jouwe gjin needsinjaal ôf mar in startsinjaal foar de Sutelaksje fan It Fryske Boek.

Aly van der Mark klimt út de machtige kabine fan it spuitgefaarte en wurdt troch boargemaster E.J. ter Keurs ferwolkomme. Tegearre toane hja it grutte ‘startboerd’ mei dêrop it parsefarske jubileumboek fan It Fryske Boek en de nije Fryske Skriuwerskalinder oan de omstanners.
Gjin fleanende start dus, sa’t earder oankundige wie. De SAR-helikopter stie mei maleur noch oan ‘e grûn op it Amelân. Spitich mar it is net oars. De sutelwille is der alteast net minder om.

Yn 2009 fiert It Fryske Boek in jubileum. De stichting bestiet 75 jier. Dat jubileum betsjut foar It Fryske Boek net allinne weromsjen op in lange tiid fan promoasje foar de Fryske literatuer. It doel is benammen om foarút te sjen. Tiid foar in nije oanpak.

Boarne: www.fryskeboek.nl

septimber 5, 2009 10:23
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.