Aansen gjin iel mear?
Resint ferskynd
Dizze wike is it derop of derûnder foar de iel. Yn De Haach wurdt fan ’e wike besletten hoe’t it fierder giet mei de iel. Minister Gerda Verburg moast op oanstean fan de Europeeske kommisje beslute om de fangst fan de iel foar trije moanne stil te lizzen.
Fan ’t jier meie de fiskers net ielfiskje yn de moannen oktober en novimber. Tsjinstanners, dat binne foaral de fiskers, binne tsjin fangstbeheiningen. Se tinke dat dit de ein fan harren bedriuwen is. Fertsjintwurdigers fan natuerbewegingen jouwe it boadskip ôf dat it iten fan in broadsje iel te ferlykjen is mei it iten fan in broadsje panda.
Beide bisten steane op it punt fan útstjerren. En de iel fertsjinnet likefolle beskerming as oere bisten dy’t op de reade list fan útstjerren stean.
Dat is de miening fan it Wrâldnatuerfûns, Natuermonuminten, stifting de Noardsee en ek Sportfiskerij Nederlân. Neffens it WNF moat der in folslein fangstferbod komme. Dat is nedich om de iel oerlibje te litten. It giet sa min dat eltse iel nedich is om de soarte te behâlden. It duorret 60 oant 200 jier foardat de soarte wer op it âlde nivo is.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje