Stjoermêst in bedriging foar bijen?

septimber 1, 2009 17:27

De elektromagnetyske weagen fan stjoermêsten kinne in bedriging foarmje foar huningbijen. De elektromagnetyske weagen fersteure it bewegingsfermogen fan wurkbijen. As in stjoermêst te tichtby in bijekast stiet, kinne wurkbijen net weromkomme. Dêrtroch bliuwt de keningin allinnich efter en stoart de koloanje binnen tsien dagen yn. Dat blykt út in stúdzje dy’t is dien yn de provinsje Kerala yn Yndia. Likernôch 100.000 minsken yn Kerala binne yn it wurk yn de bijeteelt. Minder bijen betsjut dat der minder jild ynbard wurdt. Der moatte net mear stjoermêsten komme neffens de ûndersiker.

Ek yn Nederlân giet it net goed mei de bijefolken. Dizze simmer hat net ferkeard west om de bijen goed de winter yn te krijen. It is no te hoopjen dat der takom winter net in protte bijefolken ferdwine.

septimber 1, 2009 17:27
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.