Skûtsjesilen in gaos

septimber 6, 2009 09:29

Boargemaster Crone is ôfrûne sneon op de Pikmar by Grou fan board fallen. Hy hat net lang yn it wetter lein, mar wie wol bot skrokken. De boargemaster wie oan board fan it Ljouwerter Skûtsje. Skipper Jappie Meeter moast nei it sikehûs omdat er it helmhout yn de ribben krige hie. De silerij waard stopsetten doe’t in bemanningslid fan it Huzumer skûtsje longproblemen krige neidat er te wetter rekke wie. De man hoegde net nei it sikehûs. Takomme jier sil it evenemint wer holden wurde. Dat hat de wiete boargemaster sein.

septimber 6, 2009 09:29
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.