Sint-Nyk hat merke
Resint ferskynd
Lykas alle jierren ride prachtich fersierde weinen troch Sint-Nyk. Hast alle strjitten en skoallen meitsje in wein en besykje dêrby in priis te winnen. Yn it doarp is dan sprake fan in sûne konkurrinsjestriid. Moannenlang is deroan timmere en ferve. Op skoallen wurdt oefene. Heiten, memmen en bern binne senuweftich.
De wein fan de Gaastweg is troch de taskôgers útroppen ta moaiste wein. De wein fan basiskoalle de Paedwizer waard twadde. De skoalle hie it hynder fan Troje neimakke. De swanneprinses fan buertferiening de Grietman waard tredde.
De Gaastweg en de Paedwizer binne op nûmer 1 einige. De sjuery fûn de beide weinen prachtich.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje