Sineeske supertrein
Resint ferskynd
Yn Sina wurdt op dit stuit wurke oan in nije hegefaasjetrein. It wurdt in netwurk fan ferskillende spoaren troch it hiele lân. Op it trajekt fan Peking nei Sjanghai sil de trein in topgong fan 350 km/o helje. Yn 2020 moat it nije hegefaasjenetwurk klear wêze. Neffens Sineeske autoriteiten binne 110.000 wurknimmers oan ‘e slach. De totale kosten fan it nije netwurk wurde op 300 miljard dollar rûsd.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje