Sina en Yndia mear ynfloed
Resint ferskynd
De wrâldekonomy sil tenei koördinearre wurde troch de G20. Dat binne de tweintich wichtichste ekonomyen yn de wrâld. De groep nimt de rol oer fan de G8. Foaral Sina, Yndia en Brazilië sitte efter dy feroaring. It akkoard betjut lykwols net dat de G8 mei syn gearkomsten ophâldt. De ynhâld fan de G8-toppen sil wol feroarje. It giet dan allinnich oer ûnderwerpen dy’t de 8 lannen oangeane.
Premier Balkenende is ek oanwêzich by de top. Hy besiket de Nederlânske oanpak fan de bonuskultuer te sliten oan oare lannen. De G20 is oant no ta ferdield oer de bonusoanpak.
Ek prate de regearingslieders oer de oanpassing fan it stimrjocht binnen it bestjoer fan de Ynternasjonale Monetaire Fûns (IMF). De nije opkommende ekonomyen moatte mear sizzenskip krije neffens foarsitter fan de Europeeske Kommisje, Barrosso.
Tradysje is dat der hast altyd rellen binne by in G20-top. Dizze kear ek wer hat de polysje mei triengasgranaten en ‘beanbags’ sketten. De demonstranten smieten winkelruten yn en goaiden stiennen op oardertroepen. In tal demonstranten is oppakt.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje