Op ‘e nij in soldaat ferstoarn
Resint ferskynd
Foar de twadde dei efterinoar komt it skriklik berjocht dat in Nederlânske soldaat omkaam is yn Afganistan. Trije oare soldaten rekken ferwûne. Dat hat kommandant fan de striidkrêften Peter van Uhm moandeitejûn buorkundich makke. It giet om de 44-jierrige sersjant-majoar Mark Leijsen fan de sjeny yn Wezep. Hy kaam om twa oere hinne lokale tiid om it libben troch in oanslach mei in bermbom. De tastân fan de trije oare ferwûne soldaten is stabyl. Snein ferstoar de 26-jierrige korporaal Van de Rijdt by in fjoergefjocht yn de omkriten fan Deh Rawod.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje