Opnamen ‘Moordvrouw’ opskood
Resint ferskynd
No’t tv-presintatrise Wendy van Dijk in poppe ferwachtet, kinne de opnamen foar de nije tv-rige fan RTL-4 Moordvrouw net neffens it foarnommen skema makke wurde. Wendy van Dijk sil yn de polysje-rige de rol fan in polysjefrou yn Fryslân spylje. De opnamen hiene oars fan ’t hjerst begjinne sillen, mar wurde no foarearst útsteld. It is wol de bedoeling dat Moordvrouw yn ’e hjerst fan 2010 te sjen is, mar it kin no dus ek wol letter wurde.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje