Nobelpriiswinner Norman Borlaug ferstoarn

septimber 13, 2009 11:09

De Amerikaanske lânboudeskundige Norman Borlaug is sneon yn Teksas yn ‘e âldens fan 95 jier ferstoarn. Hy wûn yn 1970 de Nobelpriis foar de Frede foar syn bydrage oan it ferbetterjen fan de itensproduksje yn de wrâld. Hy waard wol de heit fan de ‘griene revolúsje’ neamd.

Borlaug ûntwikkele nije weetrassen dy’t better oer sykten koenen en in gruttere opbringst hienen. Yn de jierren sechtich yntrodusearre er moderne lânboutechniken yn Meksiko. Dêrtroch koe it lân him ûntwikkelje ta in grutte eksporteur fan weet. Yn Pakistan en Yndia ferdûbelen de weetopbringsten. Yn Sina en Yndonesië soarge er derfoar dat de rysopbringsten omraak stiigden. It hat de honger yn de wrâld fermindere mar noch net ferjage. It oplossen fan it probleem fan de wrâldhonger is ien fan de millenniumdoelen. Borlaug hope dat er noch belibje soe, dat de wrâld gjin honger mear kenne soe. Mar dat hat net sa wêze mocht.

septimber 13, 2009 11:09
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.